underfining - sample text lyrics
[intro]
wy sjogge gewoan dat op in hiel soad terreinen, uh, der gjin foarútgong boekt wurdt, at it giet oer it frysk. en, we sjogge wol dat it tal fryskpraters achterút rint. dus, uh, der sil wol wat barre moatte
[verse 1]
grutske fries oant de dea oan ta
dat sit yn it bloed, dêr kin ik neat oan dwaan
ik kom út súdwest út it waarme hert
en se prate hjir frysk mar eins krekt ek net
dus lit my dy fertelle hoe’t se hjirre wol prate
yn plak fan reedride sizze se skaatse
ik hear hast gjin hast mar allinne mar bijna
ik ha in boskje kaaien mar dat is net wat sy ha
nee sleutels, is it de bosk of it bosk
silst nei de tandarts foar dyn losse tosk
is it sjen litte, of is it litte sjen
it is net erg tûk, it is tige slim
is it ûngefear of is it om*en*de*by
en folgens my is it neffens my
yn de fryske taal is it as, net dan
dêr stiest fan te sjen, of net dan?
[chorus]
se hawwe it noait leard of se witte se it net mear
want snijt it dêr, no dan sniet it hjir
dit is net in opfetting, dit is net in miening
harkje goed, dit is in ûnderfining
se hawwe it noait leard of se witte se it net mear
se binne moai fuort mar se staverje it ferkeard
dit is it lot, de fryske ferdwining
harkje goed, dit is in ûnderfining
[verse 2]
sy fine it leuk, mar ik mei der net oer
en dan sla ik skriuwfeardigens ek noch ris oer
is it folle plesier of in protte wille
net fytse gean mar fytse sille
se siede net, mar se kokje it iten
mar dêrfoar kin ik noch in each taknipe
it is in minne boel mar falt lestich noch te kearen
en it is fan alle tiden, falt lestich ôf te learen
ik wol goed prate, net goedprate
dochs slaan ik sels ek in boel flaters
want ik skilje net mar ik belje wol
en ik ademje wêr’t ik sykhelje wol
sa yts, sokssawat, soksoart dingen
tiidwurdoarder, ensafuorthinne
dus lestich, om er wat fan te sizzen
mar om my by de ûnderfining del te lizzen?
[chorus]
se hawwe it noait leard of se witte se it net mear
want snijt it dêr, no dan sniet it hjir
dit is net in opfetting, dit is net in miening
harkje goed, dit is in ûnderfining
se hawwe it noait leard of se witte se it net mear
se binne moai fuort mar se staverje it ferkeard
is dit it lot, de fryske ferdwining?
harkje goed, dit is in ûnderfining
[outro]
uh, ja, de teloorgang van het fries, kan ik het zo wel zien?
* nou, it is net sa dat minsken minder frysk prate sa sear, der wurdt noch bêst wol in protte frysk praat. mar de kwaliteit is achterútgong, it liket mear op it hollânsk
Random Song Lyrics :
- bummed out (clean) - loer velocity lyrics
- azufre - la maldita infamia lyrics
- speechless (from ''aladdin'') - geoffrey immanuel lyrics
- rubbin' off the paint remix (south era diss) - ron d.oni lyrics
- my side of town - sky santana lyrics
- shake me awake - willie pearl lyrics
- heroppe - fraads lyrics
- overthinking - sleepovrnxtfriday lyrics
- pour pute revoir - vice & v.i.street lyrics
- micah 6:8 - colin buchanan lyrics