heechspanning - nynke laverman lyrics
al wiken ûnderweis
beweech ik my fierder fan dy ôf
rek ik ús leafde út
al wiken ûnderweis
fier ik de spanning fierder op
rek ik ús leafde út
do hingest my al dagen om it hert
al dagen leist my dwersoer yn it liif
de gieren skriuwe tekens yn ’e loft
en ik moat witte
oft it der noch is
do hingest my al dagen om it hert
flústerest my riedsels yn it hier
skriuwst mei swarte wjukken
tekens yn ’e loft
en ik moat witte
oft it der noch is
al wiken ûnderweis
beweech ik my fierder fan dy ôf
rek ik ús leafde út
al wiken ûnderweis
fier ik de spanning fierder op
rek ik ús leafde út
do hingest my al dagen om it hert
al dagen leist my dwersoer yn it liif
de gieren skriuwe tekens yn ’e loft
en ik moat witte
oft it der noch is
do hingest my al dagen om it hert
flústerest my riedsels yn it hier
skriuwst mei swarte wjukken
tekens yn ’e loft
en ik moat witte
binne wy deselde
no’t de rûning fan de ierde
ús it sicht benimt
op wa’t wy tegearre wiene
al wiken ûnderweis
mar hjoed
sille wy ús nammen sizze
sil ik witte
oft it der noch is
Random Song Lyrics :
- dance of the doomed - brendan kelly and the wandering birds lyrics
- the middle - son little lyrics
- funny little feeling - shawn james lyrics
- did it for love - leela james lyrics
- l.a. - mp on the track lyrics
- post mortem - twelve foot ninja lyrics
- tocard - myth syzer lyrics
- absent - denai moore lyrics
- do yourself a faver - jamie lidell lyrics
- completely exposed - jamie lidell lyrics