lirikcinta.com
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

stoarm - kjeld lyrics

Loading...

de wyn ferdrinkt de diken, it wetter slacht heech op
de krêft is net te mjitten, hoe lang giet dit noch troch
it wetter klaut omheech, hoop slacht om yn benaudens
de grime fan de see ken hjoed gjin ferjouwing

de dyk slacht troch, it wetter raast nei binnen
de see hat ús oerwûn, de slachting oan ús jûn
de loft is swart, gjin ljocht mear oan ‘e himel
it wetter kâld, lit ús de bealch folrinne

stoarm!

de wyn ferdrinkt de dikеn en it wetter slacht heech op
dе krêft is net te mjitten, hoe lang giet dit noch troch
de swarte loft jout wjerljocht en tonger kreaket lûd
de floed fertarret lân en grûn, de dea komt wiet en kâld
de see hat ús oerwûn, de slachting oan ús jûn

skiere grize loften, reinwetter slacht fûl del
it duorret no al skoften, wiet en yn ‘e knel
minsk en bist driuwe boppe, opsette liken
wetter stjonkt nei dea en hopp is her te sykjen
skiere grizen loften, de dea komt wiet en kâld
yn likens spielt it wyld, it libben fan dizze wrâld

stoarm!
skiere grizen loften, wetter slacht fûl del
it duorret no al skoften, wiet en yn ‘e knel
minsk en bist driuwe boppe, opsette liken
wetter stjonkt nei dea en hoop is her te sykjen

Random Song Lyrics :

Popular

Loading...