frou - dina lyrics
ik bin in frou
lês de stjerren ast witte wolst hoe′t it my fergiet
myn tiennen wibelje de grûn yn
sân omklammet myn fuotten
boartlik
útdaagjend
nûgjend lûk ik dy nei my ta
myn eagen sjitte fjoer
kinsto mei my boartsje?
dêr is de frou
wat is se moai
en wat kin sy wiis wêze
ik wol ferdwine yn ‘e see fan har stim
de wurden oanreitsje en harren my eigen meitsje
har stjerren út ′e himel gripe, begripe
har byld yn ferbylding
dêr is de frou
se kin bûge, fyn har yn else foarm
ien mei wetter
har leafdes doarre har net te ferlitten
sy beskaat fan wa’t se hâldt
en wannear’t se los lit
yn de romte kin sy kieze
dêr is de frou
liifmoer fan de takomst
mei de hân
op dyn foarholle
werom nei har búk
is wat wy wolle
ik bin de frou
leafde is myn medisyn
lês de stjerren ast witte wolst hoe′t it my fergiet
Random Song Lyrics :
- stardust - al hibbler lyrics
- fried ego - yung droozy lyrics
- leather idol - tuscadero lyrics
- the mighty - monica richards lyrics
- povero diavolo - modena city ramblers lyrics
- despierto - movimiento original lyrics
- electric girl - margot polo lyrics
- love & alcohol - cut_ lyrics
- idiots in the rain - alec ounsworth lyrics
- i'm everything without you - slowride lyrics