lirikcinta.com
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

heechspanning - days to imagine lyrics

Loading...

der is no neat mear te ferliezen
sûnder baan en sûnder jild
in greide sûnder skriizen
wurd de grûn yndrilt

sy dogge alles wat se wolle
yn in tiid fan fjouwer jier
mar in wurd seit net sa folle
want de mearkes binne wier

wy kinne net mear sûnder jim
mar wolle alles sûnder ús
want in mienskip kin net wurkje fanút thús
je kinne raze, roppe, skrieme
wer’t net ien hja heare kin
mar ûnder heechspanning hat it gjin inkel sin

hja binne oeren ûnderweis
mei in soadfoan yn e hân
en de wille fan de ien is troch
in oar bedoan

do kinst wol wize mei dyn finger atsto foar de spegel stiest
mar neat sil dr feroarje
asto dwaan blieuwst watsto diest

wy kinne net mear sûnder jim
mar wolle alles sûnder ús
want in mienskip kin net wurkje fanút thús
je kinne raze, roppe, skrieme
wer’t net ien hja heare kin
mar ûnder heechspanning hat it gjin inkel sin

ûnder heechspanning hat it gjin inkel sin

wy kinne net mear sûnder jim
mar wolle alles sûnder ús
want in mienskip kin net wurkje fanút thús
je kinne raze, roppe, skrieme
wer’t net ien hja heare kin
mar ûnder heechspanning hat it gjin inkel sin

mar ûnder heechspanning hat it gjin inkel sin

wy binne in mienskip
we wolle in mienskip
we hawwe in mienskip

Random Song Lyrics :

Popular

Loading...